Fryslân hat der wer in mûnder by: Douwe Tolsma slagge foar oplieding

13 sep 2020 - 12:05

Fryslân hat der in mûnder by: Douwe Tolsma fan Dokkum. Hy is sneon slagge foar it mûnderseksamen. Tolsma hat by de provinsjale feriening Gild Fryske Mounders de oplieding folge. Sa'n oplieding duorret op syn minst twa jier, mei tsientallen oeren training en staazje.

Foto: Eigen foto

Tolsma is ynspekteur by monumintewacht Fryslân en dêr komt ek syn ynteresse yn mûnen wei. Hy kin no by in ynspeksje ek in mûne wurkje litte. Tolsma krijt poldermûne De Hoop yn Readtsjerk yn behear foar Stichting de Fryske Mole.

(Advertinsje)
(Advertinsje)