Twa ynbrekkers op 'e died trappearre oan de Populierstraat yn Ljouwert

13 sep 2020 - 08:45

By in wente oan de Populierstraat yn Ljouwert binne twa manlju oppakt nei't sy besochten yn te brekken. Dat barde yn de nacht fan sneon op snein, om 4.00 oere hinne. De plysje fan Ljouwert krige in melding fan tsjûgen en koe de twa ynbrekkers op 'e died trappearje. It giet om in 20-jierrige man fan Ljouwert en in 26-jierrige man fan Wergea.

Foto: Shutterstock.com (Alexander Kirch)

Ien fan de fertochten is fuortendaalks arrestearre, ek al besocht er noch om út te naaien. De oare fertochte wie noch yn de wenning en koe mei help fan in plysjehûn pakt wurde. Beide fertochten binne ynsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)