Alkoholrider op scooter oanholden yn Oude Doelesteeg yn Ljouwert

13 sep 2020 - 07:17

De plysje fan Ljouwert hat sneontenacht it rydbewiis ynfoardere fan in bestjoerder fan in scooter. De 35-jierrige Ljouwerter ried om 3.20 oere hinne troch de Oude Doelesteeg. De plysje heinde him op en krige de yndruk dat de man alkohol hân hie. De man blaasde 845 Ug/l (mikrogram de liter), wylst der mar 220 Ug/l tastien is. De man hie dus hast fjouwer kear safolle dronken as dat mocht.

De Oude Doelesteeg yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Ljouwerter is meinommen nei it plysjeburo. Dêr is in blaastest dien en dêr is ek syn rydbewiis ynfoardere.

(advertinsje)
(advertinsje)