Joey Veerman oer kompetysjestart: "Laten zien dat voorbereiding niet meetelt"

13 sep 2020 - 08:32

"Het belangrijkste is dat we vandaag iedereen hebben laten zien dat de voorbereiding niet meetelt." Dat sei oanfierder Joey Veerman fan Sportklup Hearrenfean nei de geweldige kompetysjestart fan syn ploech. Yn it Abe Lenstra Stadion wûn SC Hearrenfean sneontejûn mei 2-0 fan Willem II.

Joey Veerman fan Sportklup Hearrenfean:

"We zijn nu echt begonnen", fertelt Veerman. "We wisten van tevoren al dat we gingen winnen. Je ziet dat de kwaliteit mega omhoog gaat."

"Redelijk team"

Neffens de oanfierder fan Hearrenfean sit der foldwaande krêft yn de seleksje. "We hebben gewoon een goed team. Henkie (Veerman, red.) heeft vandaag geen een duel verloren. Als hij goals gaat maken, komt dat helemaal goed. Ik had 'm ook moeten maken vandaag, maar we hebben een heel redelijk team nu."

Doelpuntemakker en debutant Pawel Bochniewicz:

Foar Pawel Bochniewicz wie it in goede entree by de klup. "In dreamdebút", sa't er it sels neamt. Hy is bliid dat er in goal meitsje koe en de klup nei de oerwinning helpe koe.

"Goede, jonge spilers"

De Poal seit ûnder de yndruk te wêzen fan it nivo fan de Feansters: "It binne goede, jonge spilers". Sels is er ien fan de âldsten fan de klup. "Eltsenien docht eltse dei syn bêst om in bettere spiler te wurden."

Trainer Johnny Jansen oer de oerwinning:

Ek trainer Johnny Jansen jout ta dat tarieding neat útmakket. "Dat was de kunst van onze voorbereiding. Dat hebben we heel goed gedaan", grapjaget er. Hy fernimt lykwols dat de klup eltse wike better wurdt. "We worden stap voor stap beter. Maar vandaag waren twee kernwoorden voor ons belangrijk: mentaliteit en discipline. Zeker in deze fase zijn die ongelofelijk belangrijk."

"Pakte vandaag goed uit"

It Feanster alvetal spile sneontejûn yn in formaasje dêr't se noch net earder yn spile hiene. "Je hebt een elftal dat weinig heeft samengewerkt, maar iedereen weet wel wat er van hen gevraagd werd. Dat is de kunst van voorbereiding: dat iedereen weet wat hun rol is. Vandaag pakte dat ongelofelijk goed uit."

De ploech liet neffens de trainer sneon goed wurk sjen. "Dat hebben ze geweldig gedaan. Ik ben supertrots." Jansen is ek posityf ferrast troch de enerzjy dy't de manlju sjen lieten. "Het zijn wel jonge jongens. Dat heeft mij wel verrast."

(advertinsje)
(advertinsje)