Coronaproof UIT Festival yn Snits mei optredens op bysûndere lokaasjes

12 sep 2020 - 18:29

It UIT Festival yn Snits lûkt gewoanwei sa'n 8.000 besikers, mar dit jier is troch de coronakrisis fansels alles oars. Om dochs in festival organisearje te kinnen, hie de organisaasje betocht om de besikers yn groepkes mei in gids lâns ferskate optredens te lieden. Sa koene der dochs noch 800 besikers genietsje fan de kulturele acts dy't Snits te bieden hat en kamen se ek noch ris op in tal bysûndere plakken.

It UIT Festival waard dit jier organisearre yn sân doarpen en stêden: Blauhús, Boalsert, Goaiïngea, Koudum, Snits, Warkum en Wâldsein. Foargeande jierren spile it evenemint him ôf yn Snits. Troch de sprieding koene de coronamaatregels better neilibbe wurde. Op alle lokaasjes fan de 'OMDENK-edysje' wie de organisaasje yn hannen fan in lokaal komitee.

De opset wie foar eltse lokaasje oars. Sa wiene der yn Snits ferrassingsrûtes mei optredens op geheime plakken yn de stêd. "Bezoekers kozen een starttijd en kregen dan een adres. Met een gids gingen ze dan vier locaties af waar verrassende optreden waren. Muziek, dans, theater, taal, van alles kwam voorbij", leit Manon Talman fan de organisaasje fan UIT Festival út.

"Eindelijk weer iets cultureels!"

"Ik hoorde dat mensen zeiden: 'eindelijk weer eens iets cultureels! We mogen weer ergens van genieten'", fertelt Talman. De artysten binne neffens Talman bliid dat se wer sjen litte meie wat se kinne, mar wiene wol senuweftich, om't se net in soad oefenje kind hiene: "Ze zijn blij dat ze het nog een keer mogen doen. Ze waren al doende aan het oefenen."

Yn Boalsert wie der fan alles te dwaan yn it Julianapark en yn Wâldsein wie der in keppeling makke mei Iepen Monumintedei. Foar bern wie der by alle sân lokaasjes del en yn Drylts en Wommels in spesjale bernerûte makke. Sy koene middeis meidwaan oan mear as 20 ferskillende opdrachten, workshops en oare aktiviteiten mei keunstners. Foar minsken dy't de doar net út woene, wiene op Facebook fideo's te besjen fan de dei.

Manon Talman fan de organisaasje fan UIT Festival

(advertinsje)
(advertinsje)