Bergsma-en-dy pakke keatsoerwinning yn Sint-Anne

12 sep 2020 - 17:00

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat sneon de haadklassepartij yn Sint-Anne wûn. Yn de finale wiene sy mei 5-2 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Bergsma waard nei ôfrin fan de wedstriid útroppen ta kening.

Foto: Henk Bootsma

Bergsma-en-dy begûnen sneon mei in oerwinning tsjin Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Pieter Jan Leijenaar. Yn de twadde omloop waarden Bauke Triemstra-en-dy mei 5-5 6-0 ferslein.

De lytse preemje yn Sint-Anne gie nei Remmelt Bouma, Bauke Dijkstra en Willem Heeringa. Sy wûnen mei 5-5 6-2 fan Auke Boomsma-en-dy.

(advertinsje)
(advertinsje)