Winst foar Harkemase Boys, VV Bûtenpost ferslacht ONS Snits

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 3-1 wûn fan VV DOVO út Veenendaal. Yn it twadde kompetysjeduel fan it jier foar de ploech fan De Harkema wie de slotfaze beslissend, mei twa doelpunten yn de lêste minuten fan de wedstriid.
© Orange Pictures
De thúsploech en VV DOVO stiene oant de 85ste minút op 1-1, troch goals fan Jordie van der Laan en Henny Bouius. Doe't Harkemase Boys in strafskop krige, profitearre Jesse Renken: 2-1. Inkelde minuten letter makke Kian Visser dien wurk foar de thúsploech.
It is de twadde oerwinning op rige foar Harkemase Boys yn de tredde difyzje, nei't se ferline wike VVOG fersloegen. Mei seis punten út twa wedstriden hat de ploech dit nije seizoen noch gjin punt ferspile.
Jan-Piet Bosma, haadtrainer fan Harkemase Boys

Fryske derby

Yn de haadklasse stiene sneon VV Bûtenpost en ONS Snits tsjinoer elkoar. Bûtenpost wûn yn eigen hûs mei 2-0. De twa doelpunten fan Rolf Dijk en Robin Huisman de Jong (strafskop) foelen yn de twadde helte.
De reaksjes fan trainer Jan Vlap en Erolind Derguti: