SC Hearrenfean spilet mei roubannen foar ferstoarne frou Spijkerman

12 sep 2020 - 16:16

De fuotballers fan SC Hearrenfean drage sneontejûn yn it Abe Lenstra Stadion roubannen yn de iepeningswedstriid fan de earedifyzje, tsjin Willem II. Dat dogge se om't de frou fan assistint-trainer Hennie Spijkerman ferstoarn is. Syn soan Paul wurket ek by de fuotbalklup.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Wy winskje famylje en dierberen in soad krêft en sterkte ta", skriuwt de klup op Twitter. De 69-jierrige Spijkerman wurket sûnt foarich jier by Hearrenfean as assistint fan haadtrainer Johnny Jansen. Spijkerman wie earder assistint by ûnder mear Ajax en FC Grins.

De earste wedstriid fan it seizoen 2020-2021 begjint sneon om 18.45 oere. Fanwegen de coronamaatregels binne der mar sa'n 4.000 fans wolkom yn it stadion.

(advertinsje)
(advertinsje)