Cambuur Sjoernaal: Ferrassende nederlaach tsjin effektive Eagles

12 sep 2020 - 15:36

De goeie seizoensstart fan SC Cambuur mei twa oerwinningen is freedtejûn ûnderbrutsen troch Go Ahead Eagles. De Deventenaren wûnen ferrassend mei 2-0 yn it Cambuur Stadion. Goed nijs is der ek: de sikeboech rint stadichoan wer leech. Trainer Henk de Jong ferwachtet nije wike wer fjouwer blessearre ferdigeners werom te sjen op 'e training, ûnder wa oanfierder Erik Schouten. Hy fertelt yn it Cambuur Sjoernaal oer syn blessuere en rentree.

Sjoch hjirûnder nei it nije Cambuur Sjoernaal:

(advertinsje)
(advertinsje)