Noppert en Dekker yn tredde ronde by start Autumn Series

12 sep 2020 - 15:34

Darters Danny Noppert fan De Jouwer en Jan Dekker fan Boalsert hawwe sneon de tredde ronde helle op de earste dei fan de PDC Autumn Series. Yn it Dútske Niedernhausen waard sneon begûn oan in rige fan fiif fliertoernoaien foar de profesjonele darters fan de PDC.

Foto: ANP

Noppert begûn goed oan de earste dei, mei oerwinningen op Peter Jacques (6-2) en Robert Thornton (6-3). Yn de tredde ronde wie lângenoat Vincent van der Voort krekt mei 6-4 te sterk.

Foar Jan Dekker begûn de dei mei in oerwinning op Adam Hunt (6-2). Dêrnei wûn hy yn in beslissende leg fan Jitse van der Wal fan Mitselwier. Dekker ferlear úteinlik yn de tredde ronde fan José de Sousa út Portugal.

De PDC Autumn Series duorje noch oant en mei woansdei. Nei dizze fiif fliertoernoaien folget it kwalifikaasjemomint foar de World Grand Prix, it earstfolgjende grutte telefyzjetoernoai begjin oktober.

(advertinsje)
(advertinsje)