Kafee De Zomer op Skylge sletten fanwegen net neilibjen coronaregels

12 sep 2020 - 15:24

Kafee De Zomer op Skylge is op lêst fan Feilichheidsregio Fryslân sletten fanwegen it net neilibjen fan de coronamaatregels. De útbater fan it kafee oan de Torenstraat yn West-Skylge hie al ferskate warskôgings krigen dat der skerper op de regels tasjoen wurde moast.

Sa waard ûnder oare de ferplichte sûnenstsjek net goed útfierd, mar ek it registrearjen fan gegevens fan besikers wie net op oarder. Dêrneist holden gasten har net oan de oardel meter ôfstân.

It beslút wurdt opheft sadree't de eksploitant mei in plan fan oanpak komt dêr't út bliken docht dat der maatregels naam binne dêr't de coronaregels mei neilibbe wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)