Klaai fersus Wâld: wêr komt it ferskil tusken 'sneon' en 'saterdei' wei?

12 sep 2020 - 14:34

Hoe komt it dat der foar 'zaterdag' twa Fryske wurden binne: sneon en saterdei? Om mar mei de doar yn 'e hûs te fallen: beide foarmen binne geef Frysk. Neffens de offisjele stavering mei saterdei likegoed as sneon brûkt wurde. Sneon wurdt benammen brûkt troch Klaaifriezen, en saterdei (of saterje) troch Wâldfriezen. Mar hoe komt it no dat der twa foarmen binne?

"Ik haw it altyd oer sneon, mar ik bin dan ek in Klaaifries", seit Aant Mulder fan de Ried fan de Fryske Beweging. Hy jout ek wol kursussen Frysk foar de Afûk. En hy kin wol útlizze wêr't beide foarmen wei komme.

Saturnus en sinne-jûn

Mulder: "Yn wêzen binne sy beide goed. 'Saterdei' is eins gewoaner, dy foarm giet werom op de Romeinske god fan de lânbou: Saturnus. Sjoch ek mar nei it Ingelsk, Dútsk en Nederlânsk." Dizze foarm komt dus út de tiid fan de Romeinen is yn de Wâldstreek better bewarre bleaun.

"It drege is fansels dat dizze pas sûnt de iere midsiuwen hjir bestiet. Dêrfoar hiene wy noch in oare namme. En dan komme je by 'sneon' terjochte, dat is mear in Aldfryske of Germaanske foarm. It is wat in frjemde gearlûking fan wat eartiids 'sunnaven' of 'sunna jûn' wie: 'snjoen'. Eins betsjut it dus: sinne-jûn. It is de dei foar de sinne-dei. 'Snein' is ek in gearlûking wat wer op sinne-dei werom giet", leit Mulder út. Dat sinne-jûn 'de jûn foar' is, is net sa gek. Tink mar oan krystjûn.

Ynfloed fan earne oars

Dat saterdei mear brûkt wurdt yn de Fryske Wâlden is net sûnder reden. "Ik tink yn it foarste plak dat it ynfloeden wiene fan de oare kant. Net fan it Klaaifrysk, mar fan it Saksysk. En fierder hear ik ek wolris dat sneon-snein in dreech wurdpear is. It ferskil is mar ferhipte lyts, hielendal yn de Wâlden dêr't snein as 'sneen' útsprutsen wurdt. En dat wylst der mei saterdei mear dúdlikens is, dat ferskilt mear fan snein."

Mulder begrypt wol dat guon minsken der oer falle dat oaren in (tinke sy) ferkearde foarm brûke. "Taal is emoasje. Je hâlde it by wat je sels sizze. Mar ach, der is wol romte foar mear. Dat is ék rykdom."

(advertinsje)
(advertinsje)