Bestjoerder ferwûne nei't auto sleat yn ried yn Ljouwert

12 sep 2020 - 13:19

By de Aronskelk yn Ljouwert is sneontemiddei in auto yn in sleat bedarre. De ynsitter koe út de auto helle wurde, mar moast wol reanimearre wurde. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Der wiene plysje, brânwacht en ambulânsen by.

Foto: Kappers Media

Der wie in traumahelikopter ûnderweis, mar dy is by Burgum wer keard. It is net bekend hoe't it no mei it slachtoffer is en hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok Aronskerk
(advertinsje)
(advertinsje)