SlowTriathlon úteinset by De Gaastmar: sportyf, mar de wille stiet foarop

By De Gaastmar is sneon de alderearste SlowTriathlon úteinset foar 120 dielnimmers. Dat is lykas de gewoane triatlon swimme, fytse en rinne, mar dan wat stadiger oan. In fjirde of in achtste part fan de Olympyske ôfstân, dielnimmers hawwe de kar tusken ferskate ôfstannen.
SlowTriathlon úteinset by De Gaastmer: sportyf, mar de wille stiet foarop
Twa dielnimsters binne krekt it wetter út. "It giet wol goed. It wetter wie earst hiel kâld. Ik tocht oe, hoe komt dit. Mar doe't ik ienkear dwaande wie, gie it goed. Wy meitsje ús no klear foar de fytstocht. Wy hawwe ús efkes rêstich omklaaid, efkes waarm wurde en no nei Drylts ta. Dêr sille wy 10 kilometer rinne," seit ien fan de froulju.
Har freondin hie wat mear klean oan as har. "Ik bin wat in kâldklom, dus ik hie in wetsuit mei lange mouwen oan en twa badmûtsen op. En noch wie it wol fris. Mar lekker trochswimme, it wie goed te dwaan. Ik hold myn freondin yn de gaten, dêr bin ik moai efteroan kachele. Wat ik wol lekker fyn is dat wy earst in stik fytse, dan efkes rinne en letter noch in stikje fytse. Dus it is moai yn fazen."

Wille stiet foarop

Sy binne tegearre wol sportyf, seit sy. "Wy hawwe ek swommen mei Maarten van der Weijden, dat wie ek hartstikke leuk. En hjirmei hiene wy wer in moai doel om yn de simmer foar te trainen. En ûnderweis kinne wy moai efkes kletse. It is sportyf, mar de wille stiet foarop. Wy sette gewoan útein, wy sjogge it wol. Wy dogge net hiel stadich, mar wy wolle der ek net tsjinoan fleane."
Ferslachjouwer Lars de Leeuw praat mei twa dielnimsters
De SlowTriathlon yn De Gaastmar © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw