FNP is foar de Lelyline, mar it Fryske plattelân moat net ferstedskje

De FNP is foar de komst fan de Lelyline, de spoarferbining tusken de Rânestêd fia Drachten nei Grins ta. Betingst is wol dat it Fryske plattelân net 'ferstedsket', seit fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP yn de Provinsjale Steaten. De partij hat freedtejûn mei de ferskate partij-ôfdielingen oer de Lelyline sprutsen.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Wy sjogge dat de Lelyline hieltyd promininter op de aginda komt. Ik leau dat wy de konsensus fûn hawwe mei-inoar as FNP. Wy binne foar de Lelyline. Mocht de line der moarn lizze, dan soe er al rendabel wêze. Wy moatte ús eagen net slute foar de ûntwikkelingen en de kânsen dy't it foar Fryslân opsmyt. Dus dêrom binne wy foar," seit Knol.
Benammen yn Drachten en op It Hearrenfean is it mooglik dat it tal ynwenners flink omheech giet. "Dat is wol in soarch dy't by de riedsfraksjes libbet. As je op it romtlike ferhaal komme, dan binne je al in hiel stik fierder yn de tiid. Mar de fraach is fansels oft dy sifers útkomme. Wy binne net benaud foar nije bewenners hjir yn Fryslân. It mei net sa wêze dat de doarpen der lêst fan krije, mar wy binne in iepen provinsje."
Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP

Romtetekoart

Knol hat ek soargen oer it nijs dat de lanlike oerheid him op 'e nij bemuoie wol mei de ynrjochting fan Nederlân. Minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken wol dat om't der romtetekoart yn ús lân is.
Sûnt 2001 lei de ferantwurdlikens fan de ynfolling fan de romte by provinsjes en gemeenten. Dat moat sa bliuwe, fynt Knol. "Wy sjogge der wol mei eangst en riljen nei. Wy sitte sneon mei sa'n 30 OSF-partijen (Onafhankelijke SenaatsFractie) yn Vianen om hjiroer te praten en te sjen oft wy mei-inoar oplûke kinne. It fielt in bytsje as komt de striid om it plattelân hieltyd tichter by ús. Wat by ús spilet, spilet ek yn Drinte, de Achterhoek en Seelân. Wy wolle gjin diktaten fan Den Haag, wy dogge it op ús eigen wize. Wy ferienigje ús no."
Knol yn reaksje op minister Ollongren
It oerlis yn Vianen © Sijbe Knol