Bestjoerder yn Sondel pakt foar 209 km/oere ride op in dyk dêr't mar 60 mei

12 sep 2020 - 11:25

In 21-jierrige bestjoerder fan gemeente De Fryske Marren is troch de plysje oanholden yn Sondel om't er leafst mei 209 km/oere oer in dyk ried dêr't mar 60 km/oere tastien is. De plysje die in kontrôle oan de Sondelerdyk. It rydbewiis is ynfoardere en de auto is yn beslach nommen.

Foto: Google Street View

De bestjoerder is ek oanmeld by it CBR foar it folgjen fan edukative maatregels. Yn de auto sieten noch twa jonge byriders.

Ek kontrôles by Itens en Snits

Sy wiene net de iennige, want ek in bestjoerder fan 17 jier moast syn trekkerrydbewiis ynleverje. Hy ried op in quad 69 km/oere oer de Sondelerdyk. Hy mei offisjeel mar 25 km/oere, dus hy ried 41 km/oere te snel. De jonge hie noch mar tsien wiken in trekkerrydbewiis. Fierder moast ek in 33-jierrige bestjoerder it rydbewiis ynleverje om't er 110 km/oere ried. En as lêst hat ek noch in bestjoerder fan in auto in boete krigen om't er 37 km/oere te hurd ried.

Yn Súdwest-Fryslân hawwe fierder fjouwer bestjoerders in boete krigen by Itens en Snits. In 40-jierrige motorrider fan Ljouwert moast syn rydbewiis ynleverje om't er 125 km/oere ried op in stik dêr't ek mar 60 mei.

(advertinsje)
(advertinsje)