Iepen Monumintedei: mear as 100 monuminten en aktiviteiten yn Fryslân

12 sep 2020 - 10:56

Coronafirus of net, der binne dit jier wer mear as 2.500 monuminten yn Nederlân iepen foar de Iepen Monumintedei. Yn Fryslân giet it om mear as 100 monuminten en aktiviteiten. It is de 34ste kear dat dit evenemint organisearre wurdt. Op de webside kin sjoen wurde hokker monuminten der fysyk of digitaal iepen binne. Dat kin gean om musea en mûnen, oant fabriken en buorkerijen. Sa ek yn Wommels, Boalsert en Ljouwert.

Iepen Monumintedei

Wommels

By museum It Tsiispakhûs yn Wommels binne der benammen aktiviteiten dy't op bern rjochte binne: it Open Leermo(nu)ment. Bern kinne yn groepen fan 4 oant en mei 7 jier, 8 oant en mei 10 jier en 11 en 12 jier meidwaan oan ferskate opdrachten. Sa kinne bern te witten komme hoe't in ko krekt molke makket.

Foar de folwoeksenen is der de eksposysje 'Boer zoekt... fabriek'. Om 11.00, 14.00 en 16.00 oere binne der ynliedingen oer de tsiis- en bûterhannel yn de Greidhoeke.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Wommels

It Tsiispakhûs yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Boalsert

Yn it sintrum fan Boalsert binne der mei de 'Kleintje Open Monumenten Dag' fjouwer monuminten iepen. It giet om it stedhûs, de Broeretsjerke, de Martinitsjerke en de Sint-Francissusbasilyk. Fierder is der in stedskuier en in gedichterûte, dy't úteinset by it Gysbert Japicx Hûs. Yn de Broeretsjerke binne archeologyske fynsten te sjen.

Yn it stedhûs kinne besikers sjen hoe't it stiet mei it bouwen fan De Tiid, it nije kultuerhistoarysk sintrum. De biblioteek, trije musea en it argyf krije dêr ûnderdak.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Boalsert

Ljouwert oar tema: Willem Loadewyk

Ek yn Ljouwert is der in soad te dwaan. Jochum Admiraal fan de organisaasje: "Yn Ljouwert binne wy wat eigenwiis, wy stappe wol faker fan it tema ôf. Ek dit jier. Wy hawwe safolle histoarje, dat wy tinke: wy pakke it oars oan. Foar ús is Willem Loadewyk it tema, bekend as Us Heit. Je leare mear oer de foarâlden fan kening Willem-Alexander en de Tachtichjierrige Oarloch. De klam leit faak op de Hollânske Nassaus, mar ek dizze Willem Loadewyk hat in tige wichtige rol spile."

Dêrfoar binne der meardere aktiviteiten te dwaan en monuminten iepen. "Wy hawwe no fiif grutte gebouwen iepen: it stedhûs, it Princessehof, it Stedhâlderlik Hôf, de Kânselerij en de Grutte Tsjerke. Dy gebouwen hawwe allegearre wat de krijen mei de Nassaus en Willem Loadewyk én der is genôch romte om rûten te meitsjen en 1,5 meter ôfstân te hâlden."

Der binne dus maatregels nommen om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. "Wy hawwe oerlis hân mei it gemeentlik feiligensteam en de boa's. Us frijwilligers hawwe ynstrukjes krigen en soargje derfoar dat minsken de rûte feilich rinne kinne."

Jochum Admiraal fan organisaasje yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)