Brânwacht en diere-ambulânse by De Pein yn aksje foar in swan

Oan de Dukaat by De Pein hat de brânwacht sneontemoarn drok dwaande west mei in bist yn de problemen. It gie om in swan, dy't ferswakke wie om't ien fan de wjukken stikken wie. Tegearre mei de diere-ambulânse hat de brânwacht it bist pakt.
© De Vries Media
It slagge pas nei twa kear om de swan te fangen. It bist is nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht.