Wer in Prinsentuinloop yn Ljouwert: wer efkes mjitte mei oaren

It mei wer: de Prinsentuinloop yn Ljouwert. Snein kin der wer draafd wurde. Dat it trochgiet, dêr is André van der Werf fan AV Lionitas tige wiis mei. "Troch it coronafirus hat it in hiel skoft stillein. No kin en mei it op beheinde skaal wer in bytsje. Wy binne bliid dat wy wer in lytse wedstriid hâlde meie. Minsken wolle harren dochs wol wer efkes mjitte mei oaren nei de simmer, nei dy twongen rêstperioade. Foar ús as organisaasje is it ek wer moai dat wy it oppakke kinne."
De Prinsetún © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Prinsentuinloop is in wedstriid foar húshâldingen. "It is net as in échte wedstriid bedoeld, wy beskôgje it as in famylje-aktiviteit. Wy sjogge yn de ynskriuwingen ek dat in soad heiten en memmen mei de bern rinne. It giet net om it delsetten fan in goede tiid, it is mear 'foar de leuk.' De Prinsetún is in moaie omjouwing om efkes oer dy heuveltsjes te draven."
Fanwegen it coronafirus is der wol in beheining fan it tal dielnimmers, mar aldergeloks is der noch genôch romte. "Der meie 150 meidwaan, yn de praktyk giet it faak om in lytse 100 dielnimmers. Ynskriuwe moat yn 't foar, op de dei sels kin it net mear. Oant sneontemiddei 14.00 oere kin dat noch. Der is noch wol romte foar 80 dielnimmers," seit Van der Werf. "Wy hawwe in goede gearwurking mei De Koperen tuin, it terras en kafee binne iepen mei de bekende maatregels. Dus foar- of nei de tiid kin der gesellich in bakje dronken wurde."
André van der Werf fan AV Lionitas