Twa kear in besykjen ta ynbraak yn Ljouwert

Yn Ljouwert is freed en sneon nei alle gedachten twa kear besocht yn de te brekken. Freedtejûn hearde in bewenner fan de Pioenstrjitte tusken 22.30 en 22.45 oere lûd út de wenkeamer wei kommen. De bewenner fûn dêr in ynbrekker, dy't fuortendaalks útnaaide. Sneon wie der om 6.00 oere oan de Wurdumerdyk in lûde knal te hearren. Mooglik is der besocht yn te brekken troch mei in stik fjoerwurk in rút fan in winkel stikken te meitsjen, jout de plysje fan Ljouwert oan.
© Shutterstock.com (Alexander Kirch)
Foar beide gefallen is de plysje op syk nei tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne harren melde by de plysje.