Henk de Jong: "SC Cambuur is net samar kampioenskandidaat"

SC Cambuur krige freed in ferlies foar de kiezzen, de earste fan de kompetysje. De Ljouwerters ferlearen mei 2-0 fan Go Ahead Eagles. Trainer Henk de Jong docht in oprop ta 'normaal dwaan': "No lokwinske, hawwe wy in kear ferlern. Ferline seizoen hawwe wy 29 wedstriden spile, no 3. Neffens my hawwe wy 25 kear wûn of sa. Dat is net normaal hear. Eltsenien tinkt: dit it samar wer klear. Op telefyzje hear ik wer oer 'de kampioenskandidaat.' Mar dat binne wy net samar. Der binne folle mear ploegen."
Henk de Jong
SC Cambuur moat rêstich bliuwe, seit De Jong mei klam. "No hawwe wy in tikje hân. Dit kinne wy ferwachtsje it kommende jier. Wy moatte der better yn wurde. Wy rûnen efter de feiten oan, ek mei dy frije traap. De twadde helte hawwe je in plan, je kinne it efkes oansjen en wat oars dwaan. Mar dan wurdt it fuortendaalks 2-0 en dat is al de nekslach. Mar by de 1-0 stiene wy ek al net goed. Yn de earste helte kamen wy der noch wol in bytsje trochhinne, dêrnei spylje je alles of neat, mar eins hat it nea om 'e hakken."
De Jong makket dêrmei ek in komplimint foar Go Ahead Eagles. "Sy dogge it hartstikke goed, wy wiene net goed genôch om der tuskentroch te spyljen. Wy moatte it tempo werom bringe. Sekuer oan de bal, flugger hannelje, kantwiksels. Wy moatte der mei oan de gong."

'Wy witte dat wy in dreech jier krije'

Net te hurd úteinsette dus. De Jong: "De jonges steane ek mei beide fuotten op de grûn. Wy witte dat wy in dreech jier krije. Wy moatte gewoan wer opnij. Wy hiene it no dreech. Dat kin ek barre. Wy binne net even Ajax of sa, wy binne gewoan Cambuur."
Calvin Mac-Intosch
Ferdigener Calvin Mac-Intosch besiket de moed deryn te hâlden. "Het is de derde wedstrijd, er zijn nog genoeg te gaan. Zoals zij het deden gaan meer teams het doen. We hebben genoeg tijd om er een oplossing voor te vinden. Natuurlijk is het vervelend dat je verliest, maar er zijn nog genoeg oplossingen te bedenken."

'Hier moeten we op trainen'

Dochs jout hy wol ta dat der net genôch kânsen kreëarre binne. "Hier moeten we op trainen, want dit is lastig. Ze gaan met z'n allen in het doel hangen. We probeerden het wel, via de zijkanten, door het midden, via een lange bal. Het is ons niet gelukt vandaag. Wij moeten wat gaan forceren."
Dat der nei it skoft sa gau wer in doelpunt fan de tsjinpartij folge, hie neffens Mac-Intosch net moatten. "Dat mag niet, dat hebben we ook afgesproken in de rust. Als 'ie er dan na een halve minuut in gaat, dan is het ook een goede actie van die jongen. Het is niet alleen dat wij alles fout doen. Hij maakt een goede actie, een goede goal."