Kollum: "Robin Linschoten moat skoffelje"

"Guon saken yn it libben hawwe je mear doel oer as de oare. Boekhâlde bygelyks. Dat is net in hobby fan my. Al dat gemiter mei bontsjes en it gûcheljen mei sifers komt der foar in zzp'er as ik der ien bin dochs altyd wer op del dat je in berch belesting betelje moatte. Om dat dan krekt út te rekkenjen lit ik graach oan in oar oer.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Bedriuwsekonomy wie ien fan myn minste fakken op skoalle, dy 'broekzak-vestzak' konstruksje hawwe se my noait goed útlizze kinnen. Der binne minsken dy't der harren wurk fan meitsje om dat freeslike wurk foar in oar te dwaan. Boekhâlders hjitte dy minsken.
Ik haw in boekhâlder dêr't ik ien kear yn de safolle moannen de bontsjes en ôfskriften oan jou, in dei as wat letter wit ik dan hoe grut de skea dizze kear wer is. In skoft letter komt de post en dan witte jo it wol. Jo sizze dan wolris in frjemd wurd en geane oer ta it iepenjen fan de blauwe kladden en besykje de moed en de middels te finen om de skulden binnen de tiid dy't tastien is ôf te lossen. Sa wurket it foar in selsstannige.
As jo dat net dogge folget der in boete dêr't jo net ûnderút kinne, want dan hiene jo mar better op jo saak passe moatte. Mochten jo der hielendal in binde fan meitsje mei it beteljen, kin dat ta ferfolging en feroardieling liede. Yn alle gefallen is de ûndernimmer ferantwurdlik, net de boekhâlder.
Sa wurket it yn grutte linen foar gewoane stjerlingen sa as ik. Der binne ek oare stjerlingen. Robin Linschoten bygelyks. Robin wie ea it jongste Keamerlid fan de VVD. VVD'ers witte yn de regel wol hoe't it mei de finânsjes yn de wrâld om en ta giet. Mar Robin is wat in oar ferhaal. Robin syn boekhâlding wie fan 2010 oant 2012 nochal in rotsoai. Syn oanjeften kamen te let en se doogden ek net.
Yn de normale wrâld sizze se dan dat jo fraudearje, mar dat jildt net foar de eks-VVD-prominint Linschoten. De rjochtbank oardiele earder dat hy fiif moannen sel fertsjinne, wêrfan trije moanne ûnder betingsten. Dat soe betsjutten hawwe dat de eardere wonderboy fan de liberalen echt efter de tichte doar moast. Mar dat hat it gerjochtshôf efkes glêdstrutsen.
Robin wie nammentlik net fan doel om te fraudearjen, sei er. It oerkaam him allegearre wat, boppedat hie er krekt as ik gjin ynteresse yn de finansjele situaasje. De boekhâlder krige ien kear yn de safolle tiid in skuondoaze fol mei bontsjes en makke der mar wat in skatting fan hoefolle belesting Linschoten betelje moast.
De steapel blauwe sluven dy't Robin op de matte krige, ferdwûnen op in bult, sûnder se te iepenjen. Sa kaam Robin Linschoten yn 2017 foar de rjochter, dêr't er in jankferhaal ophong dat er oan legerwâl rekke wie, gjin opdrachten mear krige, noch mar ien sneu kommissariaatsje hie, syn hûs ferkeapje moast en dat syn wiif ek noch by him wei sjoud wie. Och, wat sneu.
Efkes foar jo begryp, it gie net om in pear bankjes, sels net om in pear tûzen euro. De steat rûn yn dy trije jier mear as 100.000 euro oan omsetbelesting mis. Kinne jo neigean hoefolle ús sneue Robin binnenharke. It gerjochtshôf oardiele dat de VVD'er grif fan plan west hie om ergens yn de takomst út eigen frije wil dy skuld te beteljen. 'Het oogmerk van uiteindelijke belastingontduiking was niet aan de orde, daarom past een andere staf dan gevangenisstraf,' sei it hôf, dat de oarspronklike útspraak fan de rjochtbank dus oan de kant leit.
No moat Robin 100 oeren túntsjes skoffelje en sels dat fynt er net terjochte. Hy jout de skuld oan de boekhâlder, dy hie alles foar him opknappe moatten. No is it sa dat ik myn twadde boekhâlder haw. De earste die dingen dy't neffens de belestingtsjinst net yn de heak wienen. Hy frege tefolle jild werom, mar doe't ik dat letter werom betelje moast, die bliken dat der op de boekhâlder neat te ferheljen wie.
Jo binne as opdrachtjouwer altyd einferantwurdlik, sa sei de man fan de rjochtsbystân tsjin my. Sels as jo gjin donder ferstân fan boekhâlden hawwe. Ik moast dus betelje en de boekhâlder gie frijút. Mar ja, ik bin dan ek mar in gewoane tsjerling. As ik sis dat ik in rûzebroek bin, sil dat net safolle útmeitsje.
All animals are equal, but some animals are more equal than others."