SC Cambuur ferliest ferrassend mei 2-0 fan Go Ahead Eagles

11 sep 2020 - 23:11

SC Cambuur hat freedtejûn foar eigen publyk ferrassend mei 2-0 ferlern fan Go Ahead Eagles. De Ljouwerters kamen al yn de begjinfaze op efterstân en koene dêr de hiele wedstriid neat mear oan feroarje. It is foar Cambuur it earste ferlies fan dizze kompetysje.

Nei in earste oanfal fan Issa Kallon op it doel fan Go Ahead-keeper Jay Gorter, wiene it al gau de gasten út Deventer dy't de iepeningsskoare op it boerd setten. Yn de 7e minút tikte Jeroen Veldmate de bal binnen nei in frije traap.

Cambuur moast sykje nei kânsen, want Go Ahead hie de ferdigening goed op oarder. Robin Maulun hie in goede kâns yn de 25e minút, mar wist dy net te fersulverjen. Jamie Jacobs krige in giele kaart foar wat opskuor mei Jay Idzes fan Go Ahead, dy't ek op de bon slingere waard. Cambuur wie op jacht nei de lykmakker, mar gie dochs mei 1-0 it skoft yn.

Yn de twadde helte wist Go Ahead opnij te ferrassen mei in fleanende start. Fuortendaliks yn de 46 minút sette Bradly van Hoeven de ploech op 2-0 foarsprong. Dêrnei reinde it giele kaarten en waard der om raak wiksele troch beide teams. De kânsen wiene yntusken op ien hân te tellen foar Cambuur troch it ferdigenjende spul fan de tsjinstanner, ek al hie de ploech fan trainer Henk de Jong it measte oerwicht en balbesit. It like sels noch efkes 3-0 te wurden, mar de bal gie krekt lâns it doel fan Sonny Stevens.

En ek yn de 5 minuten ekstra blessueretiid koene de Ljouwerters neat mear oan de stân feroarje. Go Ahead Eagles pakt de trije punten.

Foto: www.orangepictures.nl

SC Cambuur - Go Ahead Eagles (0-1) 0-2. 7' Jeroen Veldmate, 46' Bradly van Hoeven.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Ter Heide; Mac-Intosch; Schmidt (57' Korte); Hoedemakers (77' Pouwels); Kallon (77' Oratmangoen); Jacobs; Nieuwpoort (57' Paulissen); Maulun (81' Breij); Mühren; Antonia.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)