Merke Grou iepen ek al is der corona: "Goed dat der wer fertier is"

Yn in simmer weryn't de measte doarpsfeesten net trochgean koene, hawwe se yn Grou derfoar keazen om dochs troch te setten. Mei de nedige maatregels en it skrassen fan in grut tal aktiviteiten gie de merke freed iepen.
Merke Grou iepen ek al is der corona: "Goed dat der wer fertier is"
Sa koene der maksimaal tusken de 300 en 350 minsken tagelyk yn it sintrum fan Grou wêze. Neffens de merke-organisaasje koe mei dat oantal minsken maklik foldwaande ôfstân hâlden wurde. "We hawwe goed mei de gemeente oerlein", seit foarsitter Piet Hogewerf. "Sy hawwe hjir yntusken folle mear ûnderfining mei."
Hast 80 persint fan alle normale aktiviteiten binne skrast. En de aktiviteiten dy't wol trochgean, binne oars as oars. "Sa hiene we fan 'e middei Frysk Matinee mei stuollen op oardel meter en elkenien moast reservearje."
Nettsjinsteande al de ekstra maatregels binne se yn Grou wiis dat se trochset hawwe. "Ek al is it net it feest dat we wend binne, it is gewoan goed dat der wer fertier is."