Mûnestichting wol nijbou Surhústerfean leger en fierder fan mûne ôf ha

11 sep 2020 - 21:36

Stichting De Feanster Moune hopet dat de Raad fan State wat docht oan de hichte en ôfstân fan tweintich nijbouhuzen oan de Mounewei yn Surhústerfean. Neffens de mûnestichting sil de nijbou noch mear súdwestewyn út de wjukken fan de mûne helje.

Foto: Wikipedia, Akoopal

It giet om de nôtmûne Koartwâld fan 150 jier âld, dy't belangryk kultuerhistoarysk erfgoed yn Achtkarspelen is. De nijbouhuzen wurde te heech en komme te ticht by de mûne, fynt de stichting. Op dy wize wurd it kultuerhistoarysk erfgoed van Achtkarspelen oantaast, sei wurdfierder Jan Durk Benedictus freed by de rjochtsaak yn Den Haag.

Jan Durk Benedictus: "Je stappe net samar nei de Ried fan Steat, dat is foar ús tige spannend. Wy hawwe it bepraat mei de bouwer en mei de gemeente, mar it hat net holpen. De ynstek is dat der wol wenningbou komme mei yn Surhústerfean, mar net fan dizze hichte. Der mei oant 11 meter hichte boud wurde en der mei sels nog 1,10 meter boppe komme as de bewenners of bouwer dat wolle."

Net tsjin nijbou

De mûnestichting is net tsjin it nijbouplan, mar wol it allinnich wat leger en fierder fuort ha. De gemeente Achtkarspelen hâldt in hichte fan tusken de 11 en 12 meter oan foar de huzen, mar fan de stichting mei it wol werom nei 6 oant 7 meter. Fierders wolle se it plan it leafst op 400 meter ôfstân ha, mar yn alle gefallen mear as de 100 meter dy't de gemeente no oanhâldt.

De gemeente docht har bêst om de mûne en de omjouwing yn stân te hâlden, sa seit in wurdfierder fan Achtkarspelen. "We snoeien het opgaande groen terug en het gebied rond de molen proberen we zo veel mogelijk open te houden."

De Raad van State docht oer inkelde wiken útspraak.

Jan Durk Benedictus fan de mûnestichting

(Advertinsje)
(Advertinsje)