FIDEO: Wethâlder Kuiken wol mear jild foar kultuer: "We moeten lef en ambitie hebben"

De gemeente Ljouwert moat folle mear jild yn kultuer stekke as no. Dat seit wethâlder Hein Kuiken yn It Polytburo. Op in totale begrutting fan hast 600 miljoen euro besteget de gemeente Ljouwert no 12 miljoen euro en dat komt del op 2 prosint fan de totale begrutting. Foar in gemeente as Ljouwert is dat fierstente min, fynt Kuiken.
Sjoch hjirûnder nei de ôflevering fan It Polytburo:
Hy hopet dat de gemeenteried takom wike it útstel stipet om jierliks oardel miljoen euro mear yn kultuer te ynvestearjen, en it leafst noch in pear ton mear. Pas dan kin Ljouwert de neilittenskip fan Europeeske Kultuerele Haadstêd 2018 in serieus ferfolch jaan. Kuiken hopet dat de gemeenteried by it kiezen fan de takomstfyzje op kultuer kiest foar 'lef' en 'ambysje'.