SC Hearrenfean makket him op foar earste earedifyzjewedstriid nei coronastop

It stek gie freed nei de warming up ticht, de parse wie even net wolkom. Trainer Johnny Jansen is noch drok oan it puzzeljen oer syn basisformaasje yn de seizoensiepening tsjin Willem II. De komst fan Poalske ynternasjonal Pawel Bochniewicz en de Dúts-Braziliaanske Oliver Batista Meier hat absolút soarge foar in kwaliteitsynjeksje en no is it oan Jansen om syn fuotbalfyzje sa gau as mooglik oer te bringen op de nije spilers.
SC Hearrenfean foarbeskoging
Jansen sjocht leaver net mear werom op de minne tarieding. Alle seis oefenwedstriden waarden ferlern. "We kunnen wel lopen janken dat we een slechte voorbereiding hebben gedraaid, maar wat we morgen nodig hebben is karakter. We zullen met z'n allen de mouwen moeten opstropen voor een goed resultaat. En ik ben heel blij met de nieuwe jongens, want er is echt kwaliteit bijgekomen."
Johnny Jansen HEEWIL
Jan Paul van Hecke traint al twa dagen mei, mar efter syn namme stiet noch in grut fraachteken. Gerry Hamstra hie hope dat hy de sintrale ferdigener freed presintearje koe, mar der is noch altyd gjin grien ljocht út Brighton wei. Sa as it no liket is Van Hecke tsjin Willem II net ynsetber.
Mijn zorgen zijn als sneeuw voor de zon verdwenen.
Joey Veerman
Joey Veerman hat in pear kear oanjûn dat der fersterking bykomme moast en is dan ek wiis mei foaral de komst fan Pawel Bozniewicz en Oliver Batista Meier. "Ik heb vaak mijn zorgen uitgesproken, maar ik ben nu nog nooit zo positief geweest. Die gozer achterin (Bochniewicz, red.) beukt iedereen omver en voetballend doet 'ie geen gekke dingen. Dat is wel belangrijk om zo'n iemand erbij te hebben. En die jongen van Bayern (Batista Meier Red.) is ook een goed technische voetballer. Nee, mijn zorgen zijn als sneeuw voor de zon verdwenen."
Joey Veerman
De wedstriid tusken SC Hearrenfean en Willem II begjint sneontejûn om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Sportferslachjouwer Arjen de Boer fersoarget it kommentaar.