Learlingen stil fan ferhaal longdokter Van Geffen: "Heel heftig om te horen"

11 sep 2020 - 18:46

Wat bart der mei coronapasjinten op in intensive care? Hoe kinne je minsken dy't dêr lizze, kommunisearje litte mei harren famylje? Komt der in twadde weach en sa ja, hoe heftich wurdt dy? It binne in pear fan de fragen dy't longdokter Wouter van Geffen fan it MCL krige by in gastles op it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.

Longdokter op skoalle

Van Geffen waard bekend troch syn optredens yn it tv-programma Frontberichten. Hy joech sa ynsjoch yn syn libben as longdokter op de intensive care. Van Geffen wurdt noch hieltyd herkend op strjitte. "Mensen spreken mij aan en zeggen dan dat ze ontzettend veel respect hebben voor dat wat ik doe. Dat is mooi. Maar je krijgt ook negatieve reacties."

Hy is tsjin syn sin mediapersoanlikheid wurden. "Ik doe dit soort spreekbeurten, omdat ik zie dat het steeds moeilijker is om alle maatregelen vol te houden", seit Van Geffen. "Daar wil ik mij graag voor inzetten, om mensen toch te wijzen op het belang dat ze het wel doen."

Learsum

Oan de learlingen fan it Beyers Naudé hie hy in goed gehoar. By de les Maatschappij en Media stiet it tema corona geregeld sintraal. Sa skriuwe de learlingen in ferhaal mei harren eigen ûnderfiningen yn de earste moannen fan de krisis.

It is ek learsum seit Joas Wijma: "Ik heb geleerd hoe het aan de andere kant is. Dat het voor de familieleden heel zwaar is geweest. Dat ze niet op bezoek konden dat was wel in het nieuws, natuurlijk, maar nu hoor je het van de andere kant. Dat vond ik heel heftig om te horen. Is daar geen oplossing voor mogelijk denk je dan."

Foto: Omrop Fryslan

It falt Nederlanners hieltyd swierder om har goed oan de maatregels te hâlden, sa docht bliken út tal fan ûndersiken. De learlingen sjogge dat ek om har hinne. "Ik ben al erg serieus als het gaat om afstand houden", seit Joas. "Op school heeft dat eigenlijk geen zin, dat lukt niet met alle leerlingen. Maar voor volwassenen moet je het wel zo houden."

Twadde coronaweach

Wat de jongeren ek dwaande hâldt, is in mooglike twadde weach. Komt dy en wat betsjut it foar it sikehûs? Van Geffen: "Wij plannen nu voor het ergste, dus voor een heftige tweede golf. Daar willen we voor klaar zijn. Of die gaat komen? Dat weet ik niet, ik ben geen epidemioloog, maar je kunt maar beter voorkomen dan genezen."

Dat fynt ek Joas: "Mensen die niet geloven in corona of denken dat het allemaal wel meevalt, zouden toch eens moeten luisteren naar de verhalen van de artsen."

Longdokter Wouter van Geffen wie te gast op it Beyers Naudé yn Ljouwert

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)