Bou nije feemerk Ljouwert set takom wike útein

11 sep 2020 - 18:15

De bou fan de nije feemerk yn Ljouwert set kommende woansdei lang om let útein. De nije lokaasje komt oan de Siriuswei op bedriuweterrein De Hemrik, oan de râne fan de stêd. De organisaasje fan de feemerk, Stichting Veehandel Noord-Nederland (SVNN), hierde altyd in lokaasje by WTC Expo, mar de eigener woe de feemerk kwyt.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Al yn 2018 wie der oerienstimming berikt oer de oankeap fan it pân. Om it ferhúzjen fan de stifting mooglik te meitsjen, wie 3,5 miljoen euro nedich. In diel fan dat jild krige de SVNN fan de bank, de restearjende 1 miljoen euro hat de stichting ophelle troch obligaasjes te ferkeapjen. Dizze ferhannelbere skuldbewizen binne kocht troch feehannelers, feehâlders en oare stipers.

De feemerk siet al sa'n 40 jier by it WTC yn Ljouwert. Troch de komst fan it nije Cambuurstadion en tal fan oare bedriuwen dêr, wie der gjin plak mear foar de feemerk. Op woansdei 16 septimber wurdt de earste peal slein en yn de maitiid fan 2021 moat it pân klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)