Koese yn 'e tsjerke, it kin no yn Pepergea

Sliepe tusken de tsjerkebanken. Net om't de preek fan de dûmny wat dreech is, mar om't je in hotelbêd boekt hawwe. Dat kin no yn de Pieter Stuyvesant-tsjerke yn Pepergea. Troch it projekt Heilige Nachten is de tsjerke feroare yn in hotelkeamer dêr't je de nacht trochbringe kinne. It is de bedoeling dat der noch mear tsjerken yn Fryslân folgje.
Tsjerke Pipergea
De tsjerke yn Pepergea stie in skoft leech. In partikulier hat it gebou kocht, mar de kosten foar it ûnderhâld fan in lege tsjerke rinne fansels troch. De tsjerkebankjes binne no ferfongen troch in himelbêd. As gast kinne je noch wol op de orizjinele preekstoel stean of it oargel bespylje.
Om te soargjen dat lege tsjerken ûnderhâlden wurde of bestean bliuwe kinne, ha Jennemie Stoelhorst en Sanne Kiel it projekt Heilige Nachten betocht. Se ha al ferskate tsjerken yn it lân feroare yn in hotelkeamer. Neffens harren stean der op it stuit fan de 770 tsjerken yn Fryslân sa'n 100 leech en sille de kommende 5 oant 10 jier dêr nochris 100 tsjerken bykomme.
De tsjerke fan Pepergea is de earste yn Fryslân dy't Heilige Nachten op dizze wize rêdt fan in mooglike ûndergong. Neist in tsjerke yn Easterwâlde sille der noch acht oare tsjerken yn Fryslân troch it projekt holpen wurde. Se krije dêrby finansjele stipe fan Provinsje Fryslân.
Mei de opbringsten fan de boekingen wurde de tsjerken troch it projekt stipe. Se binne neist in sliepplak bygelyks ek te boeken foar fotoshoots of gearkomsten.