Fryske planterassen en gewaaksen yn byld brocht troch Herbarium Frisicum

11 sep 2020 - 16:22

Mear as 110 ferskate planterassen en gewaaksen út Fryslân fine je yn it grutste priveeherbarium fan Europa, it Herbarium Frisicum. De kolleksje is oanlein troch Karst Meijer út Wolvegea. Hy wit alles fan planten en waard troch it Fries Landbouwmuseum en Platform Friese Rassen en Gewassen frege om yn twa jier in kolleksje te meitsjen fan de lânseigen rassen, lykas beannen, woartels en biten. No sitte de twa jier derop en giet de kolleksje ûnder oare nei it lânboumuseum yn Goutum.

Kolleksje Fryske rassen en gewassen Herbarium

In tredde giet nei it lânboumuseum, in tredde bliuwt yn it herbarium yn Wolvegea en in tredde giet nei in depot yn Ljouwert. Meijer hat in soad ierappels sammele, lykas de Solanum Mona Lisa, de Solanum Bildstar en de Solanum Désiree. Mar neist ierappels hat hy ek beannen en woartels sammele.

De ôfrûne twa jier hat Meijer faak nei de Vijversburg yn Tytsjerk west. Dêr is in grutte tún mei in ferskaat oan Fryske rassen. Moannen lang hat Meijer de tún besocht en de planten sammele en platdrukt. Hy sil de kolleksje dan ek wol in bytsje misse. "Je ziet het nu in zo'n heel mooi oud kastje en daar hoort het dan nu ook in thuis. Maar ja, een derde gedeelte hou ik zelf, dus ik kan er altijd nog naar kijken."

Karst Meijer - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

"De opdracht was om alle culturele gewassen, dat zijn er ongeveer 110, te verzamelen en te behouden voor de toekomst", fertelt Meijer. "Je kunt er natuurlijk prachtige foto's van maken, maar daar kun je geen dna uithalen en dat kun je naar de toekomst toe, nu wel gaan doen". Mei de kolleksje is der no fan alle Fryske rassen in herbarium. Die wurde sawol drûch as wiet bewarre. "Een aardappel kun je bijvoorbeeld niet platdrukken en drogen, die staat op alcohol."

Soarch

It lânboumuseum dy't de kolleksje oernimme sil, krijt gjin finansjele stipe mear fan de provinsje. Dêr makket Meijer him wol wat soargen oer, mar hy hâldt ek fertrouwen. "Natuurlijk maak ik me zorgen, je moet wel goed onderhoud plegen. Die zorg heb ik hier ook. Bij planten is dat ook anders, want het moet wel één keer per jaar door de diepvries heen. Er zijn allemaal gevaren die op de loer liggen. Dat zijn onder andere de papiervisjes, maar ook de herbariumkevers. Dus ik heb gezegd 'jullie moeten wel een diepvries aanschaffen. Dat is belangrijk, anders heb ik er geen vertrouwen in'.

Karst Meijer oer de kolleksje rassen en gewaaksen

(Advertinsje)
(Advertinsje)