Ljouwerter (59) krijt boete foar grutte partij neimakke skuon

11 sep 2020 - 16:21

In 59-jierrige man út Ljouwert moat 1.500 euro boete betelje foar it yn besit hawwen fan in grutte partij neimakke skuon en broeken. De plysje fûn ferline jier yn Ljouwert 156 doazen mei neimakke Nike-skuon en seis spikerbroeken.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter seit dat er allinnich sjauffeur wie en syn buorren helpe by ferhúzjen, mar de rjochter gie dêr net yn mei. Op in tillefoan dy't fûn wie by in oare dieder, in 24-jierrige ynwenner fan Rotterdam, waarden bedraggen neamd: de partij moast sa'n 2.700 euro kostje en hat in wearde fan tusken de 6.800 en 7.800 euro. "Hier wordt dik aan verdiend", wie de konklúzje fan de rjochter.

De Ljouwerter en Rotterdammer waarden feroardiele ta 1500 euro boete en fjouwer wiken selstraf ûnder betingst. Twa oare fertochten út Ljouwert en Kollum, beide minderjierrich, moasten foar de bernerjochter ferskine. Ien fan harren krige in boete fan 750 euro, de oar waard frijsprutsen.

Trefwurden: 
Ljouwert rjochtbank skuon
(Advertinsje)
(Advertinsje)