Hanthavener yn gesicht slein yn Ljouwert
In hanthavener fan gemeente Ljouwert is tongersdeitejûn yn syn gesicht slein. Dat barde neidat de hanthavener in man oanspruts dy't it ferkear hindere.
De hanthavener spruts de man oan omdat er op de Franklinstrjitte yn Ljouwert oer de dyk rûn. De fertochte sloech dêrop twa kear yn op de hanthavener, wêrfan ien kear yn it gesicht.
De man fersette him, mar koe oanholden wurde. Der is proses-ferbaal opmakke en der is oanjefte tsjin de man dien fanwegen mishanneling.