Minder auto's yn Dokkumer binnenstêd

11 sep 2020 - 15:31

It autofrije part yn Dokkum wurdt útwreide. Op it stuit is de Diepswal yn Dokkum foar in part autofrij, in maatregel dy't oan it begjin fan de coronatiid ynfierd waard. De partij Sociaal in Noardeast-Fryslân woe it gebiet graach grutter meitsje, en in grutte mearderheid yn de rie is it dêrmei iens.

Foto: Hans Knijff fotografie

De maatregel, dy't derfoar soargje moast dat it sintrum griener, sûner en klimaatbestindich wurde soe, stelde dat fan 12 juny oant 31 oktober de Diepswal ienrjochtingsferkear wurde soe. Yn dy perioade meie op freed, sneon en snein ek gjin auto's komme. Op freed en sneon jildt dit fan 17 oere ôf, op snein de hiele dei. Undernimmers en besikers fan de binnenstêd hawwe de maatregel as posityf ûnderfûn, en ek de hoareka wie deroer te sprekken.

"Wy pleitsje al langer foar in autofrije binnenstêd", seit Rebecca Slijver, de fraksjefoarsitter fan S!N. Yn de moasje freget de partij oan it kolleezje oft it part fan de binnenstêd dêr't op dy mominten gjin auto's komme meie, útwreide wurde koe mei mear strjitten, mear dagen en foar mear perioades yn it jier. Dêr moat no foar 1 jannewaris in plan foar komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)