Ofdieling wensoarchsintrum Toutenburg yn karantêne nei besmetting meiwurker

11 sep 2020 - 15:58

In ôfdieling fan wensoarchsintrum Toutenburg yn Noardburgum giet yn karantêne, omdat in meiwurker besmet rekke is mei it coronafirus. De meiwurker bliuwt oant oare wike sneon yn karantêne. Neffens soarchkoepel Noorderbreedte is de kâns net grut dat de meiwurker ek oare minsken besmet hat, omdat de meiwurker net mei klachten oan it wurk west hat.

Foto: Menno de Jong

De meiwurker krige woansdeitejûn klachten en is tongersdei test by de testlokaasje fan Noorderbreedte yn Ljouwert. Dêrút waard dúdlik dat de persoan dus besmet is mei it firus. De GGD hat útsocht dat de meiwurker de coronabesmetting net yn it soarchsintrum oprûn hat.

Trije bewenners wurde test

Trije bewenners dy't in nau kontakt mei de meiwurker west ha, wurde takom wike test op it coronafirus. De oare bewenners en meiwurkers wurde yn de gaten holden. Sy kinne test wurde as se klachten krije, earder hat gjin doel neffens de GGD.

Bewenners meie op it stuit gjin besite krije. De bewenners yn oare gebouwen fan Toutenburg meie wol gewoan minsken ûntfange, omdat sy gjin kontakt hân ha mei de meiwurker.

Richtje Bosma, kwaliteitsferpleechkundige yn Toutenburg

(Advertinsje)
(Advertinsje)