GGD: leaver net teste by kommersjele testbedriuwen

Dizze wike binne der 37 Friezen posityf test op it coronafirus, wêr't it der ferline wike 28 wienen. Der hawwe 731 minsken mear as ferline wike harren teste litten.
GGD 11 septimber
It tal besmettingen yn Fryslân is dus omheech gien, mar net sa bot as it lanlik tal besmettingen. Op de trije testlokaasjes hawwe der dizze wike sa'n 4.965 minsken west om harren teste te litten. Dat is in nij rekôr. It binne 700 besikers mear as in wike lyn. "It is noch hieltyd hartstikke leech. We sitte noch hieltyd ûnder de ien persint positive testen. It lanlik gemiddelde is trije persint en yn Den Haag is it sels 8 persint", seit Margreet de Graaf fan de GGD.
De coronatestlokaasje yn Drachten © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Der is de lêste tiid in soad te dwaan oer de wachttiden om in test krije te kinnen. Yn teory soe de GGD mear teste kinne, bygelyks troch de buro's oant 18.00 oere iepen te hâlden yn stee fan oant 15.00 oere. Dit sil neffens de GGD lykwols net in soad effekt hawwe, want dat soe it probleem fan de testlokaasjes nei de laboratoaria troch skowe, dêr is net genôch kapasiteit om safolle testen te ferwurkjen.
De coronatestlokaasje yn Drachten © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Troch de lange wachttiden sykje guon minsken en bedriuwen nei oare testmooglikheden, by kommersjele partijen bygelyks. "Hartstikke begryplik fansels", seit De Graaf. "Mar wy kinne net ynstean foar de kwaliteit fan de kommersjele bedriuwen". Sa kin it neffens har foarkomme dat testen by kommersjele bedriuwen in negative útslach jouwer, wylst de testpersoan wol besmet is mei it coronafirus. "Derom hawwe we leaver dat minsken mei klachten harren oanmelde by de GGD. Ek as jo dan wat langer wachtsje moatte."

Sifers

Sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Fryslân binne der 869 ynwenners fan de provinsje posityf test. It tal sikehûsopnamen bliuwt stean op 131, it tal deaden op 69.
De measte besmettingen ôfrûne wike wiene yn de gemeente Ljouwert (12). Dêrmei giet Ljouwert (134 besmettingen) de gemeente Súdwest-Fryslân (130 besmettingen) foarby as gemeente mei de measte besmettingen sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Fryslân.
De coronatestlokaasje yn Drachten © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op de dossierside of yn de omrop-app. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.