UPDATE: Twa Drachtsters slim ferwûne nei motorûngelok yn De Pein

Oan de Hegewei yn De Pein binne twa minsken slim ferwûne rekke by in iensidich motorûngelok. Sy sieten tegearre op de motor. De twa slachtoffers, in man en in frou fan 37 jier út Drachten, binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
© De Vries Media
De Hegewei wie freed in skoft ticht foar ferkear, om't der ûndersyk dien waard nei de tadracht fan it ûngelok.