AquaZoo krijt nije seebearen fan Ingelske bistetún

Bistetún AquaZoo yn Ljouwert hat trije seebearen krigen út Ingelân. Se sieten dêr yn de bistetún Living Coasts yn Torquay, dy't troch de coronamaatregels ticht bliuwe moat.
Seebearen
Mei de komst fan de trije seebearen hat AquaZoo no ien mantsje en fjouwer froutsjes. "Het is een hele mooie groep die we nu hebben", seit William Kreijkes, dy't it haad is fan de bistefersoarging. "Dit is ook waardevol voor het Europees fokprogramma. Wij hebben daarin nu één van de grotere groepen en uiteraard hopen we dat we over een tijdje jongen mogen verwelkomen."
Der binne net in soad seebearen yn bistetunen. Yn de Europeeske bistetunen binne der yn totaal 25 seebearen, ferdield oer acht parken.
De Súd-Amerikaanske seebear is besibbe oan de seeliuw. Dy swimme yn iepen wetter foar de kusten fan Súd-Amearika. Se ite benammen fisk, mar ek kreeft, inketfisk en garnalen. Seebearen wurde yn trochsneed tusken de 12 en 30 jier âld.