Operaasje Fryske Flagge: Cornelis Smit wennet yn it Switserske Basel, mar mist de grêften

11 sep 2020 - 10:38

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Cornelis Smit út Menaam. Hy wennet yn Basel, Switserlân.

Cornelis Smit yn Basel - Foto: Cornelis Smit

Cornelis is yn maart dit jier foar syn wurk nei Basel ta gien. "Ik ha foar apoteker studearre yn Grins, en bin nei in doktoraal ûndersyk en in perioade as sikehûsapoteker yn Utrecht ferline jier mei frou en bern nei Basel ta kaam. Ik wurkje no hjir yn in grut bernesikehûs as ûndersiker yn 'pediatryske farmakology'."

Mei't it coronafirus oer de wrâld gie, krige Cornelis wol wat in oare taakbeskriuwing, hy en syn kollega's hawwe harren doe ek stoart op it firus en it behanneljen dêrfan. "Wy hawwe ús benammen fokusse op behannelingen foar bern, want dêr binne wy hjir fansels mei dwaande. Sa ha wy besocht ús stientsje by te dragen."

Ek al wennet er dus al in skoft net mear yn Fryslân, Cornelis is noch altyd in grutske Fries. "Wannear't je yn it bûtenlân wenje, fersterket dat gefoel dochs wol." Mei de hjoeddeiske situaasje is it fansels lestiger om nei Fryslân ta te gean, en om de ûnwennigens wat tsjin te gean lústeret Cornelis nei syn ôfspyllist fan Fryske muzyk. Syn favoryt is dochs wol It Paad Werom fan Piter Wilkens, "Mar dat jildt foar elke 'Fries-om-utens' nim ik oan..."

Wat sjogge we op de foto?

"It hat kwa sfear wol in soad fan Utrecht, ek al hawwe se hjirre de prachtige Utrechtse grêften net." Op de foto stiet Cornelis by wat yn Basel wierskynlik it tichtst by dy Uttrechtse grêften komt. Op it missen fan de grêften nei, fynt Cornelis Basel wol in moai plak om te wenjen. "Basel is in hiele ynternasjonale stêd. Foar expats, minsken fan bûten Switserlân, binne in soad dingen om harren thús te fiele litten yn it lân en yn de stêd."

Cornelis Smit

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 140 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)