Tal Friezen dat skieden is nimt ta, measte houliken stikkenrûn op Skiermûntseach

It tal Friezen dat ea in skieding meimakke hat, is de ôfrûne tsien jier tanaam. Yn 2010 wie dat noch 6,1 presint, dit jier hat 7,6 presint fan de ynwenners fan Fryslân in skieding hân, sa docht bliken út in analyze fan Independer. Houliken op Skiermûntseach ha it it swierst, dêr hat 10,6 presint fan de ynwenners in houlikspartner ferlitten.
© Shutterstock
Fryslân docht it krekt wat better as lanlik, yn Nederlân is 7,8 presint fan de ynwenners skieden.
Neist Skiermûntseach is ek yn Harns (9,5 presint) en Ljouwert (8,6 presint) it tal minsken mei in mislearre houlik heech. Dantumadiel docht it it bêst, dêr stapte 'mar' 5,4 presint fan de befolking út it houliksboatsje.