Kollum: "Skamje dy net foar dyn lippen"

"Dizze kollum giet oer orgasmen, skamlippen en neakene froulju, már net oer platte seks! Ik warskôgje de manlju dy't no begjinne te stuiterjen alfêst mar efkes, dus jou jimme mar gau wer del. Dochs is it miskien wol ferstannich om de kop der by te hâlden. It giet om froulju, dus ek om jimme dochters of oare leafsten.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Op Netflix is de 'kontroversjele' dokumintêre The Goop Lab te sjen. Goop is in Amerikaansk lifestyle- en wellnessbedriuw dat oprjochte is troch Gwyneth Paltrow. Sy is in aktrise en hat troud west mei de sjonger fan Coldplay. Fierder ken ik har net mar ik hie wolris fan Goop heard. Yn de seis ôfleveringen fan 'The Goop Lab' komme ferskate dingen foarby sa as psychoterapy mei paddo's, winteryoga mei Wim Hof en bodyseksworkshops troch seksterapeute Betty Dodson.
Ik ha allinnich noch mar de ôflevering oer de paddo's en de bodyseks sjoen en dy Betty Dodson fûn ik wol sa'n moai portret! Se is 90 jier en jout al sûnt de jierren santich les oan froulju dy't gjin bining ha mei it liif of harren skamje foar harsels en de eigen seksualiteit. Se is dêr mei begûn omdat se eartiids sels tocht dat se net normaal wie. Har binnenste skamlippen wiene grutter as de bûtenste mar neidat se in man troffen hie dy't har fersekere dat der neat mis mei har wie, libbe se op.
Se jout no al jierren ferskate workshops en ek yn dizze tiid binne der noch altyd froulju dy't tinke dat se misfoarme binne tusken de skonken. De moade is hjoed-de-dei keal en strak, wylst folwoeksen froulju gjin geslachtsorgaan mear ha dat der útsjocht as dy fan pypjonge famkes.
Neffens Betty ha de measte aktrisen yn pornofilms skamlippekorreksjes hân en de hûd dêromhinne wurdt ek blikt. It jout net in realistysk byld mar de fraach nei skamlippekorreksjes nimt wol ta. In protte froulju hawwe in ôfkar tsjin har eigen genitaliën. Se witte faak net iens hoe't se der útsjogge mar nei in workshop by Betty kenst dysels fan bûten én fan binnen!
Sittend yn in rûnte mei mear neakene froulju, komme se einlings ta it besef dat der neat mis mei harren is en dat der net in fulva gelyk is. De fagina is it ynwindige diel, it bertekanaal. It útwindige diel sa as de skamlippen en de klitoris wurdt de fulva neamd en by in hiele soad froulju binne de binnenste skamlippen grutter as de bûtenste. De skamte dêrfoar is neffens Betty in 'killer for pleasure'. Se leart froulju wer kontakt te meitsjen mei it eigen hillichdom sadat de wille yn seks weromkomt en it selsfertrouwen ek.
Froulju dy't muoite hawwe om klear te kommen, kinne ek by Betty telâne. It giet yn har workshops net om seks om de seks mar om akseptaasje en respekt foar dyn eigen liif. Orgasmen falle net út 'e loft en tefolle froulju dogge noch krekt as of. Dochs is it in natuerlike funksje fan it liif en se hat har eigen Betty's Rock 'n Roll orgasmetechnyk ûntwikkele.
'The Goop Lab' hat in soad negative resinsjes krigen mar dizze ôflevering wie de minste net en ik ha der ek oandachtich nei sjoen. It is sa begrutlik ast dyn eigen liif net akseptearrest omdatst tinkst datst net normaal bist, wylst dat wol sa is. En foar de manlju en froulju dy't graach foar de porno sitte, is it ek net ferkeard om hjir nei te sjen. Froulju dy't noch nea by de plastysk sjirurch west ha, sjogge der no ien kear net ús as opblaaspoppen mei poppepoeskes. Dy sjogge derút as harsels en binne dus perfekt!"