Noord Nederlands Orkest nei heal jier wer op it poadium yn Fryslân

11 sep 2020 - 06:41

It NNO, it Noord Nederlands Orkest, stie tongersdei foar it earst sûnt it útbrekken fan corona wer ris op de bühne yn Fryslân. Yn De Lawei yn Drachten waard foar sa'n 200 taskôgers Beethovens sânde en it stik In Vrijheid opfierd. In projekt wêryn't de gearwurking socht is mei jongeren út de trije Noardlike provinsjes.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De jonge muzikanten binne begjin dit jier selektearre nei in oprop fan it NNO om oan de slach te gean mei it tema frijheid, 75 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Se krigen de kâns har eigen muzyk op de grutte poadia yn Fryslân, Drinte en Grinslân te krijen. De foarstelling soe yn april al opfierd wurde, mar de útbraak fan corona soarge derfoar dat alles ôfsein waard. Foar de muzikanten sels joech it nije ynspiraasje. Sa namen se har ûnderfining mei it poadium op.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Njonken In Vrijheid waard ek Beethoven 7 opfierd. In passend stik muzyk, sa seit Jacob Fröhlich fan it NNO. It is dit jier ek 250 jier lyn dat hy berne waard. "Beethoven was ook bezig met vrijheid. Hij wilde ook graag toegankelijk zijn." Foar it NNO is sa'n stik net ûngewoan. Mar, troch alle maatregels kin it minder grut opfierd wurde as oars. Fröhlich: "We hadden oorspronkelijk Beethoven 9 gepland. Daar zijn alleen meer musici voor nodig. Dat past nu niet op het podium."

De gearwurking mei de jeugd is goed slagge, sa fynt Fröhlich: "De missie is zeker geslaagd. We geven zo ook een podium aan de jeugd. Een leidraad om een nummer zo te ontwikkelen dat het op het podium kan."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by it konsert

(advertinsje)
(advertinsje)