Legionella op Skoatterwâld: fuotbalfroulju Hearrenfean wike út

10 sep 2020 - 22:35

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean spylje de earste thúswedstriid fan de kompetysje snein net op it eigen Sportpark Skoatterwâld. Der sit legionella yn it wetter op it sportkompleks, wêrtroch't de earedifyzjonist útwike moat nei it kompleks fan UDIROS yn Nijhoarne. Dêr traine de froulju troch de wike ek.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It betsjut wol in soad ekstra wurk foar SC Hearrenfean. Trochdat de wedstriid tsjin PSV live útstjoerd wurdt op telefyzje, sille frijwilligers fan de klup noch oan de slach mei harren sponsorbuorden op it kompleks yn Nijhoarne. Boppedat is it de earste thúswedstriid yn coronatiid, wat ek noch in soad ekstra drokte mei him meibringt.

VV Hearrenfean fynt it spitich dat de froulju harren earste wedstriid net op 'eigen' terrein spylje, om't sy ek dûse koene by Sportstad. Nije wike binne de legionella-problemen wer ferholpen neffens foarsitter Bernier Hoekstra fan VV Hearrenfean.

Bernier Hoekstra, foarsitter fan VV Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)