Nije spiler: "SC Hearrenfean hat fan nobody's grutte spilers makke"

11 sep 2020 - 10:01

SC Hearrenfean hat twa nije spilers presintearre. Oliver Batista Meier komt foar ien jier oer fan Bayern München en Pawel Bochniewicz hat syn hantekening set ûnder in kontrakt foar trije seizoenen. En dêr bliuwt it net by foar de Fryske klup. Technysk manager Gerry Hamstra hopet op koarte termyn noch twa spilers fêst te lizzen. It giet dan om Jan Paul van Hecke, dy't hierd wurde sil fan Brighton & Hove Albion, en in fleugeloanfaller.

Oliver Batista Meier:

Oliver Batista Meier

Meier makke yn maaie syn debút foar it earste alvetal fan Bayern München. De 19-jierrige Dúts-Braziliaanske oanfaller mocht ynfalle yn it Bundesliga-duel mei Fortuna Düsseldorf. Gewoanwei spile Meier yn it twadde alvetal fan de Champions League-winner, dat útkomt op it tredde nivo fan Dútslân.

Meier hat ûnder mear foar SC Hearrenfean keazen fanwegen de ûntwikkeling dy't Martin Ødegaard yn it Abe Lenstra Stadion makke hat. "Fansels, hy hat him hjir goed ûntwikkele, dus dat hat foar my meispile", sa seit Meier.

Oliver Batista Meier mei trainer Johnny Jansen - Foto: Martin de Jong

Bochniewicz komt oer fan it Poalske Górnik Zabrze, dat útkomt op it heechste nivo it lân. De 24-jierrige ferdigener hat hektyske dagen efter de rêch. It seizoen yn Poalen is al trije wedstriden ûnderweis. Ferline wike freed stie hy noch yn de Johan Cruijff Arena foar it UEFA Nations League-duel mei Nederlân en in tal dagen letter yn it Bosnyske Zenica foar it groepsduel mei Bosnië-Herzegovina. Yn beide wedstriden kaam Bochniewicz lykwols net yn aksje, dus hy wachtet noch op syn ynterlândebút.

Pawel Bochniewicz mei Gerry Hamstra - Foto: www.orange-pictures.nl

No is Bochniewicz dus yn Hearrenfean. En dêr is er mar wat bliid mei. "It is in grutte stap yn myn karriêre. De earedifyzje is in grutte kompetysje om yn te spyljen en dizze klup is goed yn it ûntwikkeljen fan spilers. Se ha fan nobody's grutte spilers makke, dy't nei grutte klups ta gean", seit Bochniewicz. Hamstra hat lang dwaande west om him binnen te heljen. "Gerry hat lang foar my fochten. It wie net in deal dy't te meitsjen wie yn twa dagen, it duorre wol twa moannen. Mar ik bin bliid dat ik hjir no bin", sa seit Bochniewicz.

Pawel Bochniewicz:

Pawel Bochniewicz

Hamstra is bliid mei de twa nije oanwinsten foar SC Hearrenfean. "Met Bochniewicz halen we een goede linker-centrale verdediger binnen. Een goede verdediger, kopsterk, maar ook een jongen die wil voetballen. Daarnaast een goede persoonlijkheid met leidinggevende kwaliteiten", seit Hamstra. "Met Oliver Batista Meier halen we een groot talent binnen van een Champions League-winnaar. Hij was twee weken geleden nog in Lissabon bij de finale. Hij heeft de hele tijd met hen meegetraind en zat zelfs bij de wedstrijdselectie. Als je traint met Lewandowski, Kimmich en Neuer dan kun je wel wat. Ze laten hem niet zomaar toe."

Van Hecke en in fleugeloanfaller

SC Hearrenfean hopet op koarte termyn noch twa spilers te presintearjen. It giet dan om Jan Paul van Hecke en in fleugeloanfaller. By Van Hecke hinget it noch op wat papierwurk, mar neffens Hamstra soe dat foar de earste wedstriid fan sneon tsjin Willem II regele wêze moatte. Oer de fleugeloanfaller wol hy noch neat sizze, mar dy stiet sneon grif noch net oan de ôftraap. "Dat heeft nog een paar dagen nodig", sa seit Hamstra.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei technysk manager Gerry Hamstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)