Noardeast-Fryslân fiert Fryske plaknammen yn: "Histoarysk barren"

De gemeente Noardeast-Fryslân krijt Fryske plaknammen. De gemeenteried hat unanym besletten om de Fryske plaknammen fan de eardere gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân offisjeel yn te fieren. It gie om in inisjatyf fan de FNP en de ChristenUnie yn de gemeente.
Fryske plaknammen
It is foar it earst yn alve jier dat in gemeente yn Fryslân kiest foar it ynfieren fan Fryske plaknammen. Noardeast-Fryslân is in weryndielingsgemeente dy't yn 2019 ûntstie út de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Allinnich dy lêste brûkte al de offisjele Fryske plaknammen.
Aant-Jelle Soepboer fan de FNP is bliid dat it amendemint unanym oannaam is. "Yn it foarste plak is it in histoarysk barren. It is foar it earst sûnt alve jier dat in gemeente dit docht. Mar ik fyn it ek fan ûnskatbere wearde om ús plaknammen yn it Frysk te hawwen, om sjen te litten dat hjir ús taal hearsket. Om ús taal sa goed mooglik sichtber te meitsjen yn de iepenbiere romte, foar minsken dy't hjir wenje, mar ek foar minsken fan bûten ôf", sa seit Soepboer.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Aant-Jelle Soepboer
Yn Munt(s)jesyl wurdt mear Grinslânsk as Frysk praat © Omrop Fryslân
Noardeast-Fryslân makket noch wol in útsûndering foar doarpen dy't de Fryske namme net brûke wolle. Dy kinne kieze foar de Nederlânske fariant. Ien fan dy doarpen wurdt mooglik Muntsjesyl, dêr't net in soad Frysk sprutsen wurdt. It doarp op de grins fan Fryslân en Grinslân hjit offisjeel Munnekezijl, mar de ynwenners sels sizze Muntjesyl sûnder s.
Foarsitter Zuidema fan Pleatslik Belang Muntsjesyl seit dat er it beslút om de Fryske plaknammen yn te fieren 'onzin' fynt. As ûndernimmer mei in eigen transportbedriuw mei frachtweinen dêr't 'Munnekezijl' op stiet, sit hy net te wachtsjen op it feroarjen fan de offisjele namme.
Ferslachjouwer Onno Falkena yn Muntsjesyl
Foarsitter Zuidema fan Pleatslik Belang Muntsjesyl