Komt der in ein oan Stichting Friesland Pop troch stopsetten provinsjale subsydzje?

10 sep 2020 - 20:46

Nei tritich jier driget der in ein oan Stichting Friesland Pop te kommen. De provinsjale subsydzje is stopset en de belange-organisaasje foar de Fryske popmuzyk is no net mear by steat om mei de aktiviteiten troch te gean. Friesland Pop krijt op it stuit in soad stipe út de popsektor, want it ûnbegryp oer it ynlûken fan de subsydzje is grut.

De provinsje hat yn juny besletten de kultuersubsydzjes oars te ferdielen en folget it advys fan in kommisje om de goed oardel ton jierlikse stipe oan Friesland Pop stop te setten. Petearen mei kultuerdeputearre Sietske Poepjes ha har net op oare gedachten brocht en dêrom is de popkoepel begûn mei aksjes op sosjale media en is der in manifest makke.

Foto: Alyssa Hannah, Stichting Friesland Pop

Sjouke Nauta fan Friesland Pop is noch hieltyd ferbjustere oer it beslút. "Ik wil mijzelf niet op de borst kloppen, maar wij zitten toch wel in de top drie van Nederland en dat je dan naar een situatie gaat waar er in Fryslân geen popkoepel meer is. Ja, dat is dan wel een heel apart verschijnsel."

Fan ferskate kanten komt der stipe. Artysten ha stikken yn de krante skreaun oer de wearde fan Friesland Pop. Ek Martin Scheijgrond fan de lanlike belange-organisaasje foar popmuzyk Pop.nl stiet achter de aksjes fan Friesland Pop om de provinsje op oare gedachten te bringen. "Het hele land reageert eigenlijk vol onbegrip, van 'hoe kan dit', omdat Friesland Pop een enorme staat van dienst heeft. Al dertig jaar de ambassadeur van de Friese popmuziek", seit Scheijgrond.

Oansjen yn Nederlân

Hy priizget ek it oansjen dat de Fryske popkoepel hat yn de oare provinsjes fan Nederlân. "Ook in de rest van het land bij de andere poporganisaties dient het altijd als een inspirerend voorbeeld van hoe popbeleid op provinciaal niveau vormgegeven zou moeten worden. Dus dit kwam echt als een donderslag bij heldere hemel. We vinden het ook zeer onterecht en een verkeerd besluit."

Nije wike woansdei is der yn Provinsjale Steaten in debat. Dêr krijt deputearre Poepjes fragen oer it stopsetten fan de subsydzje oan Stichting Friesland Pop.

(advertinsje)
(advertinsje)