Ferhalejûn giet troch: grut ferlet oan 'live' moetings

10 sep 2020 - 17:34

It begjint sa stadichoan in tradysje te wurden: de ferhalejûn yn novimber. It wie yn 2018 it startpunt fan Kulturele Haadstêd en fynt dit jier op 6 novimber foar de tredde kear plak. Yn hiel Fryslân wurde yn yntime sfear ferhalen ferteld. Lange tiid wie it ûnwis oft it dit jier digitaal of yn it echt plakfine soe. De organisaasje is der no út: it wurdt in jûn dêr't minsken elkoar écht moetsje kinne.

Earder is der in proef dien mei in digitale ferhalejûn, mar dat is dochs oars, sa fynt de organisaasje. "We fine it belangryk dat minsken yn in lyts komitee elkoar live sjen kinne. We hawwe dit sa oergryslik mist", sa seit artistyk lieder fan de ferhalejûn Janneke de Haan.

It tema wie earst wetter, mar is no feroare nei it firus dat ús al moannen yn de besnijing hâldt. Elkenien kin syn ferhaal fertelle, mar de organisaasje rjochtet har ekstra op de soarch en wol graach in platfoarm biede foar harren ûnderfinings mei it wurkjen yn dizze tiden fan corona.

Húsdokter Marjan Hoexum (L) en Janneke de Haan (R) - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ien fan de dielnimmers út de soarch dy't har ferhaal docht, is húsdokter Marjan Hoexum fan Seisbierrum. Se fertelt oer de rûzige begjintiid fan de coronakrisis, doe't der noch in soad ûnwis wie en der net in soad test wurde koe. "Het kwam heel dichtbij, toen een van onze assistentes besmet bleek", sa fertelt Hoexum. Dat wiene ûnwisse en stressfolle tiden, want wie de rest fan de húsdokterspraktyk ek besmet? It ferhaal fan Hoexum giet oer wat dizze ûnwissichheid docht mei har as húsdokter.

As húsdokter is sy altyd dejinge dy't it ferhaal fan de pasjint oanheart, en no is it oarsom. "Het is ook goed om eens het verhaal van de kant van de dokter te horen en wat het coronavirus met ons doet. Wij zijn ook gewoon mensen."

Húsdokter Marjan Hoexum

(advertinsje)
(advertinsje)