Fryske Miljeu Federaasje en provinsje posityf oer nij dongbelied, LTO is kritysk

It is net hielendal terjochte dat lânbouminister Carola Schouten safolle krityk oer har hinne krigen hat, neidat se har nije fizy nei bûten brocht op it dongbelied. Dat seit direkteur Hans van der Werf fan de Fryske Miljeu Federaasje. Ek deputearre Klaas Fokkinga is posityf oer de foarstellen.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De minister wol dat de melkfeehâlders 'grondgebonden' wurde. Dat betsjut dat se de stront op it eigen bedriuw útride of by in boer yn de direkte omjouwing útride. De yntinsive sektoaren moatte it nei in dongferwurkingsbedriuw bringe.
"Wy binne der eins wol bliid mei dat de minister kar makket", seit Van der Werf. Neffens him is it wichtich dat der no dúdlik belied komt. "It jout elts gefal dúdlikens, de ôfrûne jierren sjogge wy dat der in hiel soad mei dong sleept wurdt. Soms giet it allegear nei it suden of wurdt it ôfset. Dit jout elts gefal helderheid foar elkenien."
Van der Werf begrypt dat guon boeren net bliid binne mei de foarstellen. "Sy wolle mear sels de romte ha om karren te meitsjen, mar wy ha it ôfrûne jierren sjoen dat dat net slagget. De hjoeddeistige regeljouwing jout in hiel soad romte, de minister lûkt de toutsjes wat mear oan en wol dúdlikens kreëarje."
Hans van der Werf
Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder fan lânbou-organisaasje LTO, stiet der in stik kritysker yn. Hy is bang dat de plannen fan Schouten de boeren op kosten jaget, bygelyks omdat se lân keapje moatte om de stront út te riden. "Lân is djoer. As je al oan it rântsje sitte dan kin dit jo krekt de kop kostje." Kooistra fynt dat Schouten better nei de boeren hearre moat en har mear rjochtsje moat op maatwurk.
Jan Teade Kooistra © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De plannen fan minister Schouten slute goed oan by de ideeën fan de provinsje om nei in 'grondgebonden' sektor troch te groeien. "Dat sprekt ús wol oan", fertelt deputearre Klaas Fokkinga. Mar der moat neffens him noch wol in soad bepraat wurde en regele wurde. "De provinsje kin dêrby fasilitearje." Fokkinga begrypt de soarch fan boeren dat se lân bykeapje moatte om de stront kwyt te kinnen en dat dit harren de kop kostje sil. "Dat mei fansels net barre. Dêr moatte we goed nei sjen."
Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Deputearre Klaas Fokkinga