Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee mei trochgean

De Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn jannewaris mei trochgean. De autoriteiten yn Eastenryk ha der tastimming foar jûn. Der moatte fanwege it coronafirus wol allegear maatregels naam wurde om de wedstriid feilich ferrinne te litten. Dy moat de organisaasje noch útwurkje.
© Omrop Fryslân
Earder wie al bekend dat it programma oanpast wurdt. Dêrtroch is der in strikte skieding tusken de wedstriden en de toertochten mooglik. Om safolle mooglik toerriders de kâns te jaan om mei te dwaan, komt der yn alle gefallen in ekstra toertocht.
It hiele programma om de Alternative Alvestêdetocht hinne begjint mids jannewaris.