Minder swimmers foar swimbad De Dobbe yn Noardwâlde troch coronakrisis

10 sep 2020 - 16:50

Swimbad De Dobbe yn Noardwâlde hat troch de coronakrisis in protte minder swimmers hân. Dêr't der ferline jier yn de simmer 30.000 besikers wienen, kamen der dit jier mar 11.500 swimmers.

Foto: ANP Foto

De grutte delgong hat te krijen mei it feit dat it swimbad pas op 2 july iepengie, mar ek mei de betingsten foar it swimmen. Sa mochten der doe maksimaal 30 persoanen tagelyk nei binnen, swimmers fan boppe de 12 jier moasten oardel meter ôfstân hâlde en de swimklean moasten thús oandien wurde. Ek moasten minsken fan tefoaren in kaartsje reservearje, wie de hoareka die earste moanne net iepen en wie dûse net mooglik.

Spoekeplas

In moanne letter waarden de regels wat ferromme, mar it swimbad koe net werom nei de kapasiteit fan foar it firus. Ek waarden der dit jier gjin abonneminten ferkocht. Wylst it by De Dobbe dus rêstiger wie, wie it dizze simmer by de rekreaasjemar Spoekeplas flakby it swimbad just in stik drokker as oars.

(Advertinsje)
(Advertinsje)